Wurd en byld by 26 april


Snein 25 april - 2e snein nei Peaske - Misericordia Domini


'Geunst fan de Heare' hjit dizze snein, nei de wurden fan de begjinpsalm Psalm 33: 5b,6a
'Halleluja! Fan de Heare syn geunst is de ierde fol. Troch it wurd fan de Heare is de himel makke. Halleluja!

 

Net-witten en witten - meditaasje by Johannes 21: 1-14

 

Fan ‘e wike kamen de drones fan ‘Fryslân fan Boppen’ op harren âlvestêdetocht oer Arum en Kimswert fleanen, de doarpen fan ús tsjerklike mienskip. De deis tefoaren hawwe wy op it tsjerkhôf yn Arum in grut hert fan flachjes makke. Yn it hert stiene de wurden ‘Hâld moed. Haw leaf!’ en in klaverke trije, it symboal dat by Sint Patrick heart en ferwiist nei de Trije-Ienheid fan Heit en Soan en hillige Geast.

 

It wie prachtich om te dwaan. We moasten op ‘e knibbels om stikje foar stikje de wurden en tekens te foarmjen. Geandewei fiele jo dan hoe’t dy wurden en tekens dêr op it gers ek nei binnen komme, krêft krije en libjen gean: ‘Hâld moed. Haw leaf!’ Doe’t ik letter it ferhaal fan Johannes 21 lies, oer Jezus en de learlingen by de mar fan Tiberias, doe tocht ik: ‘Ek dat is in ferhaal fan wurden en tekens dy’t geandewei binnenkomme, krêft krije en libjen gean.’

 

 

Se wisten net dat it Jezus wie

 

Johannes 21 fertelt oer de tredde kear dat Jezus oan de learlingen ferskynt. It is by de mar fan Tiberias, dêr’t Simon Petrus en noch in tal fan de learlingen byinoar binne. Simon Petrus seit: ‘Ik gean te fiskjen.’ En de oaren sizze: ‘Dan geane wy mei dy.’ Dy nacht fange se neat, mar as de nije moarn daget dan stiet Jezus dêr op ’e wâl. Mar, stiet der, se wisten net dat it Jezus wie.

 

It rekke my dat de learlingen net wisten dat it Jezus wie. Yn dizze koroana-tiid is der ek in hiele protte dat wy net witte. Der is in protte ûnwissichheid.  Eins tink ik dat der altyd in protte ûnwissichheid is, dat we altyd in protte net witte. Mar meastal hawwe wy ús wrâldsje wol sa ynrjochte dat it liket oft wy it measte wol aardich yn ‘e hân hawwe. Mar no’t der sa oan dat wrâldsje fan ús skodde wurdt, freget dat om in nije fokus: wat oerkomt ús, wat moatte we no dwaan, wat jout ús hâldfêst, wat bringt ús perspektyf?

 

Jezus stie op ‘e wâl

 

Sa’t Johannes earder fertelt oer Jezus dy’t yn it midden fan de learlingen stean komt, troch de tichte doarren hinne, sa stiet Jezus no hjir op ‘e wâl by de mar fan Tiberias. Dêr leit de fokus, dêr wurde ús eagen hinne lutsen.

 

De learlingen wolle nei alle alteraasje yn Jeruzalem de tried fan it gewoane libben wer oppakke, sa liket it. De fiskers geane te fiskjen. Mar it smyt neat op dy earste nacht. Mar dan - yn de nije moarn, de Peaskemoarn - ferskynt Jezus dêr op ‘e wâl. En midden yn it net-witten fan de learlingen ferskine dêr de wurden en tekens dy’t it nije libben iepenbierje.

 

Wûnderlik dochs? De learlingen witte it net. En dochs sjogge se Jezus en hearre se syn wurden en dogge wat hy seit: se smite it net út oan de oare kant, se fine in nij paad fan libjen. En geandewei groeit it ferstean, it ynsjoch, it kennen: it is de Hear. En geandewei rekket it ferhaal dan fol fan tekens, fol fan betekenis.

 

Tekens fan hoop


It ferhaal fan de learlingen is in ferhaal fan hoop. Jezus ferskynt yn it libben fan minsken, al witte se it net. En dan wurdt harren libben fol fan hoopfolle tekens. Allerhanne ûnderfinings geane meidwaan yn it ferhaal en jouwe it perspektyf. It begjint al mei de mar. Op dy mar hie it al earder stoarme en nacht west foar de learlingen. Mar doe wie Jezus by harren kaam. Hy hie de stoarm delbêde en sein: ‘Ik bin it, wês mar net bang.’ En dan is der it teken fan leafde, yn de persoan fan de learling dy Jezus leafhie. En der is it teken fan entûsjasme, yn de persoan fan Petrus dy’t op ‘e nij samar oer board stapt nei Jezus ta. En der is it wûndere teken fan folheid, it fisknet fol mei 153 fisken. Al dy tekens rinne út op de mienskip fan de Hear en syn learlingen, byinoarbrocht om it fjoer, it fjoer fan de Geast. Dêr dielt Jezus op ‘e nij brea en fisk út, de oerfloed fan Gods keninkryk.

 

Se wisten wol dat it de Hear wie

 

De learlingen doare it noch hieltyd net te freegjen, mar dat hoecht ek net mear. Want dan stiet der: ‘Se wisten wol dat it de Hear wie.’ Oangripend is dat, hoe’t geandewei it net-witten yn witten feroaret. Dat is in witten sûnder wurden, in witten mei it hert, in witten dat de Hear der by is yn ús bestean. Dat witten jout rjochting, hâldfêst en perspektyf yn ús bestean.