Wurd en byld by snein 7 juny

 

Snein 7 juny - Trinitatis - Snein fan de Trije-ienheid

Op de earste snein nei Pinkster steane we stil by it wûnder fan de trije-iene God dy't ús bestean foarmet, hoedet en frij makket, ferfollet mei fjoer fan leafde. Dizze earste snein is fan âlds ek de snein fan de sinding. Sa't de apostels der op útstjoerd wurde, sa wurde wy hjoed der op útstjoerd as hannen en fuotten fan it goede nijs fan it evangeelje.

 

De berchrede fan it flakke lân

(Dit is de tekst makke foar de oertinking fan Prelude - 7 juny 2020)

 

In pear wike ferlyn haw ik in kursus foar dûmny’s folge om in podcast te meitsjen.

In podcast is eins in soarte fan lusterfilmke, dêr’t je nei harkje kinne fia jo tillefoan of ipad.

Dy lusterfilmkes kinne oer fan alles en noch wat gean.

Fan de EO is der bygelyks de podcast ‘Eerst dit’

dat jo elke dei harkje kinne nei in bibellêzing en koarte oertinking.

Mar der binne ek podcasts oer sport of muzyk of nijs en achtergrûnen en folle mear.

 

Sa seach ik ek dat Fryslân Dok fan Omrop Fryslân in nije podcast-searje hat.

Under de titel ‘De berchrede fan it flakke lân’ komme ferskillende tinkers út Fryslân

oan it wurd, oer hoe’t it fierder moat mei ús maatskippij nei de coronakrisis.

 

Elke ôflevering begjint mei deselde wurden, as in soarte fan gedicht:

It is in sykjen, in ûnwis taasten en trêdzjen yn it lân achter de krisis.

Wa wiist de wei, wa hat de ideeën, wa de moed, wa fynt de wurden, wa de dream?

 

De titel 'Berchrede' - seit de Fryslân Dok - is ynspirearre op de profeet

dy't in folk yn noed taspruts om it in nij perspektyf foar te hâlden,

en dy’t de minsken tagelyk oanspruts op harren eigen gedrach en ferantwurdlikens dêr yn.

 

Wa’t in bytsje thús is yn bibel en tsjerke wit fansels dat dy profeet Jezus is en dat it giet

oer de berchrede fan Jezus, dy’t wol de grûnwet fan Gods keninkryk neamd wurdt.

 

Wûnderlik fûn ik it, hoe’t dy âlde berchrede wer drager wurdt fan ynspiraasje en perspektyf,

hoe’t de namme fan de profeet, fan Jezus, trochklinkt, sels sûnder neamd te wurden.

 

Hjoed heare we ek wer oer dy berch, yn Matteüs 28, sis mar: it Pinksterferhaal fan Matteüs.

De froulju hienen oan de learlingen ferteld oer it lege grêf en harren moeting mei Jezus,

en hoe’t Jezus sein hie: sis de learlingen dat se werom geane nei Galilea.

Dêr binne de learlingen no, op de berch dêr’t Jezus sein hie dat se komme moasten.

 

En dêr komt Jezus harren no te mjitte en jout harren in nij perspektyf en in nije ferantwurdlikheid: ‘Gean der op út en meitsje alle folken learlingen fan My,

doop harren yn ’e namme fan de Heit en fan de Soan en fan de hillige Geast,

en lear harren alles nei te kommen, wat Ik jimme oplein haw.’

 

De hiele wrâld, alle folken, meie diele yn it goede nijs fan it evangeelje,

diele yn it goede libben fan Gods keninkryk, dat tagelyk in jefte en in opjefte is.

Om dy jefte en opjefte hinne seit Jezus twa dingen,

dy’t as as twa hannen it nije bestean fan de learlingen segenje en drage:

‘My is alle macht jûn yn ’e himel en op ’e ierde.’ seit Jezus, en

‘Sjoch, Ik bin alle dagen by jimme oan ’e ein fan ’e tiden ta.’

 

Yndied, it libben nei de coronakrisis is in sykje en taasten.

It freget om ideeën en moed, weiwizers, dreamen en dieden.

Myn fertrouwen is dat, wa’t wy ek binne en wêr’t wy ek geane

dat dy profeet - mear as in profeet - ús bestean segenet en draacht en

perspektyf jout mei syn jefte en opjefte.

 

Der is in Iona-liet - troch Atze Bosch oersetten - dat hiel moai passet

by de berchrede fan it flakke lân, We meie noch net sjonge yn tsjerke,

mar dizze wurden kinne wy ek prima sûnder sjongen útsprekke - as in segen:

 

De frede fan 'e greiden wês oer dy, de frede fan mar en lân;

de frede fan 'e loften wês oer dy, de frede fan waad en strân.

Djippe frede mei komme oer dy. Mei Gods frede no groeie yn dy.