Terug naar nieuws

 

Oud en Nieuw - De dienst op 31 december is komen te vervallen.

Geplaatst dinsdag 24-11-2020

Op oudejaarsavond is er een HAAK-dienst samen met de gemeente van Achlum-Hitzum

om 19.30 uur in de Lambertustsjerke in Arum. Willen jullie je voor deze dienst

van tevoren aanmelden? Dat kan via ds. Hibma, thibma@hetnet.nl of 0517-34 18 59 of

06-114 045 91.

 

Op zondag 3 januari is de eerste dienst van 2021. Samen koffiedrinken zal nog

wel niet kunnen en elkaar een hand geven ook niet. Maar wel kunnen we elkaar

Lok en Seine toewensen voor een nieuw jaar.

 

Troch goede machten trou en stil behoede

 

Troch goede machten trou en stil behoede

fiel ik my treaste, wûnderlik en blier,

sa wol ik graach mei jim, myn leafsten,

moedich gean oer de drompel fan it nije jier.

 

Wol al it âlde noch ús hert ferniele,

en komt fertriet ek hjoed noch op ús ta,

o Hear, jou oan ús rêsteleaze sielen

it heil dat Jo foar ús ornearre ha.

 

En woll’ Jo ús de bittere beker skinke,

mei leed en lijen oant de râne fol,

dan nimme wy him tankber oan en tinke

oan wa’t Jo binne, goed en leafdefol.

 

Mar woll’ Jo ús noch ienkear freugde skinke

om dizze wrâld, it sinneljocht ús jûn,

dan sille wy wat eartiids wie oertinke,

dan hawwe wy by Jo ús eindoel fûn.

 

Lit no de kearsen waarm en helder skine,

troch Jo ús jûn tsjin alle tsjustere macht,

jou, as it kin, dat wy inoar wer fine.

Wy witte ’t wol, jo ljocht skynt yn ‘e nacht.

 

En falt de djippe stilte om ús hinne,

fan iensumheid en hopeleas fertriet,

wol ús dan jaan dat we oeral hearre kinne

it lofliet dat rûnom oer de ierde giet.

 

Troch goede machten trou en stil behoede,

is dit ús treast, wat moarn ek komme mei,

Gods hân sil ier en let ús gongen stjoere,

want Hy is mei ús elke nije dei. 

 

Dietrich Bonhoeffer (Liet 511)